Een vervolg reaktie van de friese nationalistische partij (nav een aantal e-mails in de tijd van de bloei van JKK)
Hallo,
Fan it simmer hiene wy efkes kontakt oer de pleach oangeande it Sint Jacobskruid. It die bliken dat op en nij it krûd rûnom stie en de provinsje – al wer – neat die. Dit yn tsjinstelling
ta de provinsjes Grins en Drinte dy’t de driging foar – benammen – hynders wol serieus nimme.
Wy as FNP hawwe wer fragen steld en dêr in pear wiken ferlyn antwurd op krigen. It docht bliken dat men him wol gewaar is dat it krûd skealik is mar noch net fuortendaliks der wat oan dwaan wol. Wol wurdt yn it lêste antwurd skreaun dat hja mei belied komme sille.
Ik ha dêroer mei de ferantwurdlik amtenaar belle. Hy hat tasein dat hja begjin 2006 mei foarstellen komme sille dêroer.
Ik sil him hjir oan hâlde. As bliken docht dat men yn februari / maart noch neat dien hat, dan sil ik mei inisjatyf yn de Fryske Steaten komme om de provinsje wol safier te krijen dat hja de driging fan it Jacobskruid serieus nimme. Der moat dus foar takom jier konkreet aksje ûndernommen wurde.
Taheakke de scan fan de antwurden. Mochten der noch fragen en/of opmerkingen wêzen, dan hear ik dy graach!
Mei groetnis
Johannes Kramer
MAW: in tegenstelling tot de Provincies Drenthe en Groningen neemt de provincie Friesland de dreiging niet serieus (genoeg)
Johannes Kramer heeft dringend om een beleid gevraagd en de provincie zegt toe begin 2006 met een voorstel te komen. Zoniet, dan zal de FNP konkreet aktie ondernemen.
Eventueel heb ik nog de onderliggende bijlagen per e-mail (voor geinteresseerden)
Johannes Kramer (voorzitter FNP) houdt ons op de hoogte!